Bynt fan 16 juny 2015 17:20

Bistjes út Aqua Zoo sykje in namme
Der binne in soad bistjes út Aqua Zoo op syk nei in leuke namme. Sjoggers fan Bynt wurdt frege om mei in namme te kommen. Hjoed freegje wy om in namme foar in pinguin. Betink in aardige namme en meitsje kâns op in moeting mei har! Ynstjoeringen kinne nei bynt@omropfryslan.nl (of sjoch op www.aquazoofriesland.nl). Ek by de priis: kaartsjes foar de hiele húshâlding foar Aqua Zoo en in rûnlieding efter de skermen fan it park!

De Sterkste Frou fan Fryslân
Ofrûne wike waard Froukje Koeckhoven wrâldkampioen bankdrukken yn it Ingelske Telford. Dat is in sport dy’t wy net sa goed kinne en dêrom mei Froukje útlizze wat it no krekt ynhâldt. Miskien kin se sels presintator Roelof Lousma wol efkes optille!

Oerol
Bynt docht de hiele wike ferslach fan Oerol ôf. Miranda Werkman en Albert Jensma binne op Skylge om de ferskate foarstellingen te besjen en der reportaazjes fan te meitsjen. Hjoed sjogge wy by de foarstelling oer it skipswrak fan de Lutine. Boppedat fernimme we hoe’t se op Oerol de greidefûgel oandacht jouwe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)