Bynt fan 16 juny 2014 18:30

Fryske Lido-dûnseres yn Frankryk
Yn Bynt in reportaazje fan ús kollega’s fan it radioprogramma Buro de Vries. Sy ha yn maaie nei Frankryk west, foar in rige programma's oer Friezen dy't it heitelân ferruile hawwe foar 'La Douce France'. In rige dy't dizze simmer útstjoerd wurdt. Ien ôflevering giet oer Siebrig van der Veen, berne yn Easthim en al 17 jier dûnseres yn it Lido.

Rige: skûtsjesilen
It is noch relatyf rêstich op de Fryske marren mar oer goed in moanne brûze de skûtsjes fan de SKS wer oer it wetter. Yn fergelyk mei ferline jier is der dochs wol wer it ien en oar feroare yn de float. We prate der dizze wike yn de rige oer mei skûtsjesjoernalist Klaas Jansma. Hjoed stiet it skûtsje fan Langwar sintraal dat al wer in nije skipper hat.

Oerol
En we binne mei Bynt de hiele wike op Oerol. Ferslachjouwers Miranda Werkman en Albert Jensma komme eltse dei mei nijsgjirrige reportaazjes fan Skylge. Hjoed giet it oer it tema 'Sense of Place' en is der in reportaazje oer it strjitteater.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)