Bynt fan 16 jannewaris 2014 18:30

Rick Hofstra stie ôfrûne wike yn de kwartfinale fan it WK darten. It wie foar de Snitser darter syn bêste prestaasje ea. Bynt gie del by Hofstra yn Snits om in pear pylken te goaien en mei him te praten oer de takomst fan it darten yn Fryslân. Kin syn prestaasje soargje foar in soad nij Frysk talint?

2014 is it 'Dam Jaarsma-jier'. Dam Jaarsma út Eastermar hat tûzenen âlde folksferhalen sammele om dy te bewarjen foar de takomst. Ien fan dy ferhalen is dat fan Adam hurdrider. Douwe Kootstra fertelt dit spannende folksferhaal de hiele wike yn Bynt, mei jûn diel fjouwer.

Wa't oer Fryske meubels praat, praat oer de famylje Pilat. Sy binne dé meubelmakkers fan Noard-Nederlân. Harren ûntwerpen reizgje de hiele wrâld oer. Sa stiet it nijste ûntwerp fan Kristien Pilat moarn op in grutte beurs yn Dútslân. Foardat it safier is, sit se earst by ús. Ek oan tafel har heit Gjalt Pilat en ús saakkundige Steven Sterk. Wat makket dizze meubels no sa bysûnder en hoe is it einliks om de hiele dei mei dyn heit te wurkjen?

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)