Bynt fan 16 febrewaris 2016 17:20

Binnenstêd wurdt hieltyd leger
Yn de Ljouwerter binnenstêd is foar de winkellju hieltyd minder kar. Winkels as de V&D, Manfield en Cars komme leech te stean, mar wat giet der ferkeard? Edith Copini, foarsitter winkeliersferiening fan it Saailân, hat al mear as 30 jier in juwelierswinkel. Oan har de fraach: hoe moat it no mei de binnenstêd fan Ljouwert?

De wrâld fan de kriminaliteit mei Wouter de Vries
Mei âld-plysjewurdfierder Wouter de Vries dûke wy yn de wrâld fan de kriminaliteit. Dizze wike ha wy it oer de boargerwacht. Wouter nimt ús mei nei Sint-Nyk. It doarp is it foarbyld dat buertprevinsje de plysje goed helpe kin, mar kin it ek tsjinwurkje?

Bern fan Ynjegongers
It teaterstik Feteranen, oer twa âld-kriichshelden dy’t yn Nederlânsk-Ynje fochten ha, makke in soad los. Kommende tongersdei 18 febrewaris giet it stik opnij op de planken en dat wie foar Bynt de reden om nochris yn de ferhalen oer dizze ‘smoarge oarloch’ te dûken. Dizze wike komme yn de rige fjouwer bern fan Ynjegongers oan it wurd.

Wolle jo tongersdei 18 febrewaris ek by de foarstelling fan Feteranen yn Snits wêze? Dat kin! Stjoer dan in mail nei bynt@omropfryslan.nl

Flechtlinge-opfang yn Wytmarsum
Wytmarsum stiet bekend as it doarp dat tsien jier lyn bysûnder tolerant wie foaroer flechtlingen. Mei it foarútsicht op de 300 flechtlingen dy’t yn it doarp komme binne der dochs tsjinlûden fan de bewenners. By ús oan tafel sit Willemijn van der Werf, foarsitter Needopfang Fryslân. Tsien jier lyn wie sy de spin yn it web by de needopfang yn Wytmarsum. Mar hoe is de sitewaasje no yn ferliking mei doe? Is it doarp feroare? En kin Wytmarsum dit wol oan?

BY16BP01

Bern fan Ynjegonger: Douwe Bokma

BY16BP02

Mei Wouter de Vries nei Sint-Nyk

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)