Bynt fan 16 desimber 2015 17:20

Wat sil Jannewietske de Vries it meast misse?
Hjoed naam âld-deputearre Jannewietske de Vries ôfskied fan Provinsjale Steaten. Mar stil sit se net, want se hat al in nije baan as direkteur fan de Floriade dy't yn 2022 yn Almere hâlden wurdt. Yn Bynt fertelt se oer har plannen dêrmei.

Yn aksje foar de Voedselbank
Ek hjoed is Omrop Fryslân wer yn tou foar de Voedselbank. Miranda Werkman jout in update en Raynaud Ritsma krijt it hieltyd swierder mei it libjen fan in pakket fan de Voedselbank en 30 euro yn de wike.

In coach spesjaal foar jonges
Jonges en famkes binne ferskillend, en dus moatte je se ek oars benaderje. Dat fynt Jan Stenekes, en dêrom kiest hy as jongescoach derfoar om mei se op 'en paad te gean.

BY16LO04

Sjoch hjir hoe't jongescoach Jan Stenekes en Semme in fjurke stoke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)