Bynt fan 16 desimber 2013 18:30

Al 20 dagen protestearje op it Unôfhinklikheidsplein yn Kiev tûzenen minsken. Sy wolle dat it regear ôftreedt en dat Oekraïne tanadering siket mei de Europeeske Uny. Frysk Twadde-Keamerlid Jacques Monasch wie yn Kiev en spruts dêr ôfrûne sneon tûzenen demonstranten ta. Hy is krekt werom en sit jûn by ús oan tafel.

Leafdesdichten meitsje ûnder lieding fan Arie Boomsma. Dat stie op it programma foar de learlingen fan it RSG yn Snits. Boomsma hat krektlyn in bondel mei leafdesdichten gearstald. Jûn praat er oer wat er berikke wol mei de workshop.

Nei de Olympyske Spelen fan Sotsji en stride foar in medalje. Dat is de dream fan elke Fryske reedrider. Fan 'e wike prate wy yn Bynt mei fiif sporters dy't harren nije wike op it Olympysk kwalifikaasjetoernoai pleatse wolle foar Sotsji. Jûn sprinter Jesper Hospes fan It Hearrenfean. Hoe riedt hy him ta op dy wichtige wedstriid?

In tún mei in soad romte foar fûgels, bijen en bistjes, in protte wetter en in beam of twa. Dat wurdt in 'ynklusive tún' neamd. It konsept kin op alle tunen tapast wurde. Der moat altyd in beam en wetter yn 'e tún wêze, omdat dêr libben op ôfkomt. Betinker fan de natuertún is túnûntwerper Jasper Helmantel. Hy is jûn te gast yn de studio, krekt as ús fêste gast Aat Oosenbrug. As jo in ynklusive tún hawwe wolle, dan moatte jo dêr no mei úteinsette, want de winter is de tiid om nije plannen foar de tún te meitsjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)