Bynt fan 16 april 2015 17:20

Fryske ûndernimmer
Wurdt it Ventura Systems, DMT Environmental Technology of fotocadeau.nl? Hokker bedriuw wint tiisdei de titel fan “Fryske ûndernimmer fan it jier”? Foar de 25e kear wurdt de priis útrikt, en presintatrise Miranda Werkman makket jûn fêst bekend wat de lokaasje fan ik spektakel is.

90 jier Bernlef yn Grins
Gesellich mei oare Fryske studinten wat drinke op de soas. En tuskentroch ek noch studearre fansels. Al 90 jier hâldt studinteferiening Bernlef de Fryske ear heech yn Grins. Ien dy jierren hawwe se in soad meimakke. Tiid foar in tentoanstelling om dit lustrum te fieren.

Bynt siket Boer(inne)
Dizze wike folgje wy it leafdeslibben fan ús boeren út Ferwerderadiel. Earder dizze wike pakten Auke en Jelle de tillefoan om in leuke date te finen. En nei de date fan Auke is it jûn de beurt oan Jelle om it hert fan syn Liesbeth te feroverjen...

Boer Auke & Boer Jelle
It begûn mei in oprop fan twa relatyf ûnbekende boeren út Ferwerderadiel. Dat wie ommers de gemeente mei de measte frijgeselle boeren fan hiel Nederlân. Raynaud Ritsma waard ynsetten om boer Auke en boer Jelle oan de leafde fan harren libben te helpen. Jûn sjogge wy mei beide boeren én Raynaud werom op de ôfrûne wiken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)