Bynt fan 16 april 2014 18:30

Dizze wike waard bekend dat de Fryske jongerein op sosjale media in soad berjochtsjes yn de memmetaal skriuwe. Benammen yn De Wâlden spilet de Fryske taal in grutte rol op bygelyks WhatsApp en Facebook. En dat is hiel goed nijs foar it Frysk, want út ûndersyk docht ek bliken dat in taal allinnich oerlibje kin as it de slach om it ynternet wint. By ús oan tafel sitte Lysbeth Jongbloed Faber, ûndersiker fan de Fryske Akademy, en sjonger Marcel Smit út De Westereen. En Marcel hat ôfpraat dat hy syn gitaar meinimt!

Mei sa'n twa miljoen stiks wie de brommer yn 1970 ien fan de populêrste ferfiermiddels yn Nederlân. Zündapp, Puch en Kreidler wiene de grutte merken fan dy tiid. Der binne dizze dagen noch hieltyd fanaten dy't op sa'n âld ding troch de provinsje tuffe. Bynt siket hjoed Rob van Schubben op yn Harns, dy't noch alle dagen op syn Zündapp nei it wurk giet.

Stress, pineholle, gjin konsintraasje. Ha jo dêr ek lêst fan as je oan it wurk binne? Grutte kâns dat jo ek yn in kantoartún wurkje. Sa'n grutte, iepen romte mei in soad personiel byelkoar. Minsken dy't yn in kantoartún wurkje, rinne 62 prosint mear kâns op sykte. Oer de hel dy't kantoartún hjit, prate wy hjoed yn Bynt mei psycholooch Irma van Steijn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)