Bynt fan 15 septimber 2015 17:20

Prinsjesdei
It wie hjoed wer safier. De tredde tiisdei fan septimber betsjut dat it wer tiid is foar de troanrede en alles wat dêrby heart.

We prate der oer mei polityk ferslachjouwer Andries Bakker fan Omrop Fryslân, Atze Jan de Vries fan de Ljouwerter Krante en ekonoom Martin Frensel fan de NHL. Boppedat ha wy in groep studinten fan de NHL klear stean om ferskate dingen foar ús troch te rekkenjen.

Griente yn de tún fan Avondrust
Yn dizze Wike fan de Smaak sjocht Bynt nei de bysûndere kulinêre filosofy fan soarchgroep Tellens. Want, sa is de gedachte, as je âld wurde, falt hieltyd mear om je hinne wei. Goed en lekker ite, kin dan noch foar in stikje gelok soargje. Yn âldereintehûs Avondrust yn Makkum hawwe se dêrom in tún mei farske yngrediïnten.

BY15IO03

Avondrust yn Makkum

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)