Bynt fan 15 septimber 2014 17:20

Kies it natoergebied!
It Fryske Gea beheart neist natoer ek âlde Fryske plakken dy't fertutearzje as se net gau opknapt wurde. Bynt keas fjouwer plakken út dy't op 'e nominaasje steane om troch It Fryske Gea opknapt te wurden. Bysûnder is dat jo as sjogger fia de Facebookside fan Bynt (http://omrop.fr/FryskeGeaPoll) stimme kinne hokker fan dizze gebieten as earste opknapt wurde moatte.

Poddestuollen plukke mei Reitse
Sels sykje nei ytbere poddestuollen is net sûnder gefaar, mar ús eigen Reitse lit him net sa mar op de kop sitte. Hy gie mei syn kollega-kok Harmen Ligthart de bosk yn en socht nei de lekkersten. Wy giene mei op paad, en Reitse skoot jûn ek oan om der oer te fertellen.

De Halomapolder
Bynt lit dizze wike dus fjouwer gebieten fan It Fryske Gea sjen, dy't op de nominaasje steane om opknapt te wurden. Hjoed is dat it feanslúske by Wolvegea. Sy wolle graach jo stim om sa as earste oanpakt te wurden.
Under alle stimmers op ús Facebookside ferlotsje wy 50 boeken fan It Fryske Gea!

It bêd fan frou Monsma
Ria Monsma út Doanjum krijt altyd alle oandacht as se nei bûten giet. Sy hat nammentlik lêst fan it groanysk pinesyndroom en kin allinnich de doar út op in ridend bêd. Dat bêd bestjoert se sels en se giet der oeral mei hinne. Bynt gie mei om te boadskipjen en dat falt net ta. Yn de studio fertelt Ria wat sy allegear meimakket mei har bêd.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)