Bynt fan 15 oktober 2015 17:20

Asylsikers yn Kollum
Moarn ferlitte in lytse 100 asylsikers de tydlike opfang yn Kollum en gean nei it WTC yn Ljouwert.
Se ha 16 dagen yn Kollum sitten. Boargemaster Bearn Bilker is tige grutsk op de ynwenners fan syn gemeente.

Keunstner yn Israel
Hy gong nei Israel om sawol de Israeliërs as de Palestinen de keunst fan it skilderjen by te bringen. Underwilens bruts ûnder syn eagen in mooglike tredde intifada út. Jan van der Kooi fan Burgum belibbe in pear spannende dagen yn it Midden Easten.

Praat mar Frysk
In hiel soad Fryske wurden binne net mear yn gebrûk. Sterker noch, wy witte amper noch wat se betsjutte. Hjoed yn ús rige Praat mar Frysk: Sjammeloek!

It Reade Krús oan it wurk
No sitte se noch yn Warkum, Kollum en Gerkeskleaster, mar moarn sil it heve. 600 flechtlingen gean dan nei it WTC Expo yn Ljouwert. Frijwilliger Henk Vellinga fan it Reade Krús hat wikenlang koördinearre dat flechtlingen foarsjoen wiene fan bêden, tekkens en tabehearren.

BY15JO01

Op syk nei in sjammeloek...

Diel dit berjocht op:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
    Radio iconUtstjoering: Alle wurkdagen om 17.20 oere.
(advertinsje)