Bynt fan 15 maaie 2015 17:20

Bynt Sport op freed
Op dizze freed 15 maaie sjogge wy yn Bynt Sport nei it keatsen Oan tafel sitte topkeatser Taeke Triemstra, de nije foarsitter fan it KNKB Wigle Sinnema en ús eigen, altyd krityske, Geert van Tuinen.

It mei dúdlik wêze, wy hawwe genôch te bepraten. Der binne de lêste tiid hiel wat soargen oer it spultsje. Lede-oantallen rinne werom, der komt minder publyk en der is in soad diskusje oer de sport.

Ek gean wy del by keatshistoarikus Jan Braaksma. Mei him sykje wy nei de boppeslach dy’t it keatsen út de dip helje kin. Fierder kinsto wer in moaie priis winne by Arjens Sportkwis, sjogge wy wêr’t ús radioferslachjouwers dit wykein sitte en ús toto komt dizze wike fan twa Europeeske lieders.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)