Bynt fan 15 maaie 2014 18:30

  • De Stânfries X yn Ljouwert

Beurtskip de Stânfries X stiet foar de beurtfeart yn Fyrslân. It waard yn 2003 troch de Friesland Bank fan de sloop rêden en wie sûnt doe eigendom fan de bank. No sneon wurdt it skip foar it symboalyske bedrach fan 1 euro oerdroegen oan de Stichting Museumhaven Leeuwarden. Wy seachen al even by it skip, tegearre mei Catrinus de Jong út Amearika. Syn pake wie ea skipper fan de Stânfries X.

Cambuur ferrast dit seizoen freon en fijân, want op foarhân waard de klup mei de leechste begrutting sjoen as ien fan de degradaasjekandidaten fan dit jier. Programmamakker Harm Weistra folge trainer Henk de Jong, yn oanrin nei de wedstryd tsjin Vitesse út Arnhem, foar in ôflevering fan Fryslan DOK. It soe in histoaryske wedstryd wurde. Harm skoot oan yn Bynt om te fertellen wat hy meimakke by it meitsjen fan syn dokumintêre.

Wy sjogge al de hiele wike foarút nei de premjêre fan “De Iisfoarstin”. Jûn is it safier foar de strjitopera fan Tryater. Ien fan de haadrolspilers is de tenor Albert Bonnema. Hy spilet de rol fan buorman en wy sochten him op by de repetysjes oan it Wilhelminaplein yn Ljouwert.

It spiksplinternije poppoadium dat yn Ljouwert komme moat stiet, noch foardat er in fundamint lein is, al op losse skroeven. Asteriks en Romein wolle net mear meidwaan. Oft it hiele projekt no wol troch gean kin, is noch mar de fraach. Wy prate der oer mei fêste gast Sjoerd Bootsma, belutsen by Asteriks, en direkteur Vincent de Waal fan Romein.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)