Bynt fan 15 jannewaris 2015 17:20

Fermiste Gert-Jan Luimstra
De 38-jierrige Gert-Jan Luimstra fan Snits is al mear as in wike fermist. Hy soe juster sjoen wêze yn Surhústerfean, mar in syktocht dêr hat noch neat opsmiten. Ek fia sosjale media wurde in soad oproppen dien. De famylje slingeret hinne en wer tusken hoop en frees. Yn Bynt de broer fan Gert-Jan, Bert-René Luimstra.

Jeugdteaterskoalle Meeuw bestiet 25 jier
In soad Fryske akteurs hawwe de ôfrune jierren it fak leard yn Ljouwert. Dêr sit nammentlik jeugdteaterskoalle Meeuw. De skoalle waard 25 jier ferlyn oprjochte troch Hilde Mulder, en sy skoot jûn oan om werom te sjen op dizze perioade.

Brekber
Tryater spilet de kommende wiken it nije stik 'Brekber' yn museum Princessehof yn Ljouwert. It giet oer in frou mei in grutte samling keramyk. We sjogge hjoed by de tariedings fan it stik, mar ek by Bouke Haarsma, dy't syn souder fol hat mei messen út Azie, saneamde krissen.

Cyberterreur
Befeiligingsekspert Marc Schaaf sei it tiisdei al yn Bynt. Ien fan de gefaren fan ynternasjonaal terrorisme is cyberterrorisme. Mar hoe realistysk is dat, in digitale oanfal dy't Nederlân plat leit? Wy prate der oer mei ús eigen ynternetekspert, Schelte Meinsma.

Diel dit berjocht op:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
    Radio iconUtstjoering: Alle wurkdagen om 17.20 oere.
(advertinsje)