Bynt fan 15 jannewaris 2014 18:30

Ufo's bestean. Dat is alteast de miening fan loft- en romtefeartsaakkundige Coen Vermeeren. Neffens Vermeeren binne der in protte minsken, bygelyks astronauten en piloaten, dy't dizze 'unidentified flying objects' sjoen hawwe. Wêrom soene wy dy net leauwe? Fjirtich jier nei't der yn Fryslân in protte waarnimmings fan ufo's dien binne, prate wy yn Bynt oer wat we no einliks leauwe moatte.

Yn septimber is de Moanne fan it Fryske boek, en dat sil fan't jier folslein yn it teken stean fan de âlde folksferhalen. Dizze hiele wike al fertelt masterferteller Douwe Kootstra ien fan de ferneamdste Fryske folksferhalen, dat fan Adam hurdrider. Jûn diel trije.

Robots yn de soarch, is dat de takomst? Der prate wy oer mei fêste gast Evert Fokkema. Hat in fersoargingshûs bygelyks ferlet fan robots? Wat kinne se dwaan, en binne se in goede ferfanger foar minsklik kontakt? Oan tafel sit ek Annie Herder, sy is fan soarchgroep Hof en Hiem en dêr wurkje se al mei in soart fan robots. Mar dan wol ferklaaid as leave seehûn..

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)