Bynt fan 15 febrewaris 2016 17:20

Greidefûgels hawwe it better
It agrarysk greidfûgelbehear fan boeren is in súkses. Neffens it ûndersyksburo Altenburg en Wymenga is de stân fan de greidefûgel nei jierren wer stabyl. Dit komt ûnder oare troch de boeren dy’t maatregels treffe yn harren lân om de omstannichheden sa moai mooglik te meitsjen foar de fûgels. Reijer den Hartog is ien fan dizze boeren. Jûn fertelt er yn Bynt oer syn bedriuw yn Kollum en wat hy docht foar de greidefûgels.

Sjonge foar soldaten yn Afganistan
De Ljouwerter sjongeres Froukje Kits is fannacht werom kaam fan in bysûndere reis nei Afganistan. Dêr mocht sy mei har band Boulevard optrede foar soldaten mei 17 ferskate nasjonaliteiten. Mar koene al dizze soldaten wol út de fuotten mei Hazes en Carnavalsplaten? En fielde Froukje har wol feilich? Dat hearre jo jûn yn Bynt.

Feteranen opnij op de planken
It teaterstik Feteranen, oer twa âld-kriichshelden dy’t yn Nederlânsk-Ynje fochten ha, makke ferline jier in soad los. Der ha safolle reaksjes west, dat it stik kommende tongersdei 18 febrewaris opnij op de planken komt. Jûn yn Bynt sjogge wy mei akteur Joop Wittermans noch even werom. Hokker reaksjes hat hy krigen?

De reprize fan Feteranen wie ek foar Bynt oanlieding nochris yn de ferhalen oer dizze ‘smoarge oarloch’ te dûken. Dizze wike komme yn de rige fjouwer fan bern fan Ynjegongers oan it wurd.

Wolle jo tongersdei 18 febrewaris ek by de foarstelling fan Feteranen yn Snits wêze? Dat kin! Stjoer dan in mail nei bynt@omropfryslan.nl

BY15BP02

It ferhaal fan Hendrikus de Wolff

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)