Bynt fan 15 desimber 2015 17:20

De oerienkomsten tusken Syb van der Ploeg en Bennie Jolink
40 jier lang giene se 'Oerend Hard'. De band Normaal hâldt dermei op, en jout in ôfskiedskonsert yn it Gelredome. De Kast sil it foarprogramma fersoargje, en dy band draait ek alwer 25 jier mei - al binne se der wol eefkes tuskenút west. Wol Syb it krekt sa lang folhâlde as Bennie Jolink fan Normaal?

Unyk byldmateriaal fan Dokkum yn de oarloch
It Fries Verzetsmuseum is út de skroeven mei nij byldmateriaal fan Dokkum yn de oarloch. Oeds Andries Brouwer, dy't yllegaal de bekisting fan 20 slachtoffers fan in fusillade filme, hat yn dy jierren in protte bylden makke. Dêr is hiel moai op te sjen hoe't it libben yn Dokkum der yn dy tiid om en ta gie.

Yn aksje foar de Voedselbank
It is in drokte fan belang by Omrop Fryslân, mei alle produkten dy't sammele wurde foar de Voedselbank dizze wiken. Miranda Werkman jout ús in update, en we sjogge hoe't it Raynaud Ritsma fergiet no't er in wike lang libje moat fan in voedselbankpakket en 30 euro.

BY15LO02

Miranda Werkman sjocht by de aksje foar de Voedselbank

BY15LO01

Raynaud Ritsma iet dizze wike fan in pakket fan de itensbank. Hjoed dei 2.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)