Bynt fan 15 april 2016 17:20

Bynt Sport op freed
Docht oer in pear wiken bliken dat it mearke fan Leicester City dochs gjin mearke is? It is ien fan de ûnderwerpen yn Bynt Sport. Oan tafel sit ien fan de Nederlânske spilers dy't by Leicester City ûnder kontrakt stien hat, Mark de Vries. Wy hat it oer syn ûnderfinings yn it bûtenlân. En dat net allinne. It giet ek oer hoe't de assistint-coach fan Cambuur, Sipke Hulshoff, werom sjocht op syn tiid yn it bûtenlânske fuotbal. Fierder skoot Helden-sjoernalist Jaap Stalenburg oan.

Bas Dost
Dyselde Jaap Stalenburg hat op besite west by Bas Dost yn Wolfsburg. Jûn yn Bynt de bylden fan de âld-spits fan SC Hearrenfean, dy't syn sportive draai fûn hat yn de stêd fan Volkswagen. Hy hopet nei in blessuere syn âlde nivo wer op te pakken. Ek fertelt Bas Dost oer hoe't it is om yn in oar lân te fuotbaljen.

En fierder?
Sjocht de Kening fan Kongo fan de savannes yn Afrika ôf foarút op de wedstriid dy't SC Hearrenfean dit wykein spilet. De ploech fan trainer Foppe de Haan giet op besite by Excelsior en de grutte fraach is fansels oft de Kening in oerwinning ferwachtet. Ek is der wer in moaie priis te winnen yn Arjens Sportkwis. Jo meitsje dêr kans op troch it goede antwurd te mailen nei bynt@omropfryslan.nl! De fraach wurdt dizze wike steld troch Hearrenfean-middenfjilder Morten Thorsby.

Arjens Sportkwis mei... Morten Thorsby!

Op besite by Bas Dost yn Wolfsburg

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)