Bynt fan 15 april 2015 17:20

Krimpregio Noardeast-Fryslân
Krijt Noardeast-Fryslân de offisjele status fan krimpregio? De Twadde Keamer praat dêr moarn oer. De regio sels wol it hiel graach, mar minister Stef Blok fynt it net nedich. Tialda Haartsen is sosjaal geograaf oan de universiteit fan Grins en hat ûndersyk dien nei it krimpbelied oant no ta.

Fjochtskiedings
1 op de 3 houliken yn Nederlân rint út op in skieding. Dat is, foar alle belutsenen, al lestich genôch. Mar sûnt yn 2009 it 'ouderschapsplan' ferplichte waard, nimt it tal 'fjochtskiedings' ta. De grutste dupearren derby: de bern. Echtskiedingsmediator Pouwliena Tot út Boalsert fynt dat dat oars moat.

Bynt siket Boer(inne)
Dizze wike sjogge wy wer in pear kear by ús boeren út Ferwerderadiel. Fan de wike seagen wy al hoe’t Auke en Jelle reagearren op de brieven dy’t se krigen. Hjoed gean wy fierder en sjogge wy by de date tusken boer Auke en syn Lysbert...

Fryske reklamepriis
De Fryske reklamepriis is foar de bêste reklame fan it ôfrûne jier. Undernimmend Fryslân hat wer besocht om harren bedriuw sa goed mooglik ûnder de oandacht te bringen. Sjueryfoarsitter Wytze Visser makket jûn de trije nominearren bekend.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)