Bynt fan 14 maart 2016 17:20

Earste ljipaai
It earste ljipaai fan Fryslân is fûn yn ‘e omkriten fan It Hearrenfean. De 25-jierrige Armanda Stuiver wie de gelokkige finer. En dat is bysûnder, want it is noch mar ien kear earder bard dat in frou it earste ljipaai fûn. Yn Bynt docht sy har ferhaal.

Reitse giet ynternasjonaal
Sykje nei in stikje bûtenlân yn Fryslân. Reitse Spanninga giet by bûtenlânske (hobby)koks yn Fryslân del en makket in gerjocht út dat lân. Nei Curaçao, Tailân en Sina is no Uganda oan bar.

Klik hjir foar it resept

Matthäus Passion
De peaskedagen stean wer foar de doar en dat betsjut foar in soad minsken: de Matthäus Passion yn Boalsert. Foar de 71ste kear wurdt it stik fan Bach útfierd troch de oratoariumferiening. Mar wa binne de minsken efter de stimmen? Dizze wike stelle wy fjouwer leden oan jim foar.

Sulveren bal
In hûndert meter sprinttoernoai foar reedriders, dat is it idee fan de Sulveren bal. Moarn is dit toernoai yn de Alvestêdehal yn Ljouwert en it wurdt organisearre troch reedrider Jan Ykema. Yn Bynt fertelt er wêrom’t de sprint sa moai is en wat der moarn allegearre barre sil.

BY14CP03

Matthäus Passion

BY14CP02

Reitse giet ynternasjonaal: Uganda

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)