Bynt fan 14 maart 2014 18:30

  • Skûtsjesilen

Hy sammelet miskien wol de measte airmiles fan hiel Nederlân. Presintator en skriuwer Derk Bolt giet foar it programma Spoorloos de hiele wrâld oer. Dit wykein is hy yn Ljouwert, as ien fan de gasten op it Boekebal foar lêzers. Dat bal is de ôfsluting fan de Nasjonale Boekewike. Yn Bynt prate wy jûn oer syn reizen.

Hoe giet it mei de tariedings foar de gemeenteriedsferkiezings? Mei bestjoerskundige Rieks Osinga sjogge wy al de hiele wike nei de moaie ferhalen yn en om de gemeentepolityk. Hjoed binne wy yn Boalsert en Makkum. Dêr besoarget Jappie Tigchelaar de stimhokjes by de stimburo's.

Ofrûne sneon ûntstie reboelje by de ledegearkomste fan de IFKS. Noch foar it skoft stapte it hiele bestjoer op. Mieningsferskillen oer prosedueres en persoanlike belangen spylje in grutte rol. Wa hat gelyk, dat is de grutte fraach. In komitee fan wize manlju moat no foar in oplossing soargje. Mei Klaas Jansma, skipper Eelke Boersma en ús saakkundige Age Veldboom prate wy oer de situaasje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)