Bynt fan 14 juny 2016 17:20

Lang om let wer thús nei dreamreis
De hiele wrâld oer yn in sylboat. In hiel soad minsken dreame derfan, Yvonne en Roderick van der Meulen fan Anjum diene it. Ofrûne snein foeren se nei in aventoer fan seis jier eindelik harren thúshaven wer binnen.

Gefaarlike karavans
Karavan-eigners binne al wer drok oan it poetsen op harren pronkstikjes, want de fakânsje komt der wer oan. Mar it echte ûnderhâld, dat bliuwt der faak wat by. En dat kin ta gefaarlike sitewaasjes liede. Ald-plysjeman Wouter de Vries fertelt hoe’t je feilich mei in karavan op paad gean kinne.

Oerol
Je soene it net ferwachtsje, mar se besteane: minsken dy’t al in folslein libben op Skylge wenje mar noch nea op Oerol west hawwe. Hjoed giet ferslachjouwer Miranda Werkman mei ‘Oerol-maagd’ Monique Klijn nei in foarstelling.

En se komt in groep Eastenrykers tsjin dy't sa harren eigen ideeën hawwe oer wat it ‘ideale doarp’ is.

Miranda Werkman op paad mei Monique Klijn

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)