Bynt fan 14 jannewaris 2016 17:20

De reek fan de REC
Hoe skealik is de reek út de ôffaloven fan de REC yn Harns? Dat wolle de omlizzende bedriuwen graach witte, no’t ferskate meiwurkers sûnensklachten ha. It ynazemjen fan de reek út de piip fan de ôffalferwurker soe tinken dwaan oan sigarettereek. Miranda Werkman dûkte yn dit gefoelige dossier en dielt har befinings jûn yn Bynt.

‘Life is beautiful’ neffens Klaasje Postma
Dizze snein is de premjêre fan ‘Life is beautiful’, it nije teaterstik fan Klaasje Postma oer it libben fan de Joadske pianiste Alice Herz-Sommer. In bysûndere frou dy't yn de Twadde Wrâldoarloch yn konsintraasjekamp Therensienstadt de ferskrikkings fan de Holocaust meimakke. Dochs bleau se altyd posityf yn it libben stean. Har ferhaal ynspirearre Postma yn har eigen libben.

Assistint fan it Talint
Yn febrewaris wurde Fryske topsporters yn it sintsje setten op it Frysk sportgala. Dit jier is der foar it earst in nije kategory, de ‘assistint fan it talint’. Dat binne minsken dy't efter de skermen derfoar soargje dat sporttalint him ûntwikkelje kin. Hjoed in portret fan de famylje Pierie. In bysûndere húshâlding: soannen Stijn (16), Kik (15) en Take (12) fuotbalje alle trije yn de jeugd fan SC Hearrenfean. Heit en mem ha it der mar drok mei...

Wynmûnen: pineholledossier yn Penjum
Doe’t Penjum yn 2012 yn byld kaam foar in wynmûnepark, betocht filmmakker en ynwenner fan it doarp Jeroen Hoogendoorn him gjin momint. Hy pakte syn kamera om it hiele drege proses fol aksjes, diskusjes en yntriizjes te folgjen. Mei help fan crowdfunding is de lêste finansiering hast rûn om de dokumintêre klear te meitsjen foar it grutte publyk.

BY14AP02

De fjirde nominaasje foar 'assistent van het talent': heit en mem Pierie

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)