Bynt fan 14 desimber 2015 17:20

Jacques Monasch
Twadde Keamerlid Jacques Monasch fan de PVDA wie hjoed yn it spier foar de Voedselbank yn Drachten. Hy dielde iten út en prate mei frijwilligers en klanten. Syn ûnderfinings nimt er mei nei Den Haach.

Voedselbank
En de Voedselbank, dat is in weromkommend tema by Omrop Fryslân dizze wike. Tsientallen frijwilligers binne drok dwaande mei it ynsammeljen fan guod. Miranda Werkman fertelt ús yn Bynt wat de aktuele tuskenstân is. Ek sjogge wy it earste diel fan it fideo-deiboek fan Raynaud Ritsma. Hoe giet it mei him, no’t er in wike lang fan de Voedselbank libje moat?

Kleurrike kuiertocht
Minsken fan ferskate religieuze eftergrûnen mei elkoar ferbine, dat is it doel fan de ‘Kleurrijke wandeling’. Stichting Kleurrijk Fryslân organisearret dizze kuiertocht twa kear per jier. Ditkear mocht Bynt mei. En de kuier hie in spesjaal tintsje. Wy fregen de dielnimmers, nei in jier fol spanningen, foarút te sjen op 2016 en in spesjale winsk út te sprekken.

In ferslach fan de 'kleurrike' kuiertocht troch Ljouwert

In ferslach fan de 'kleurrike' kuiertocht troch Ljouwert

Raynaud syn earste miel fan de Voedselbank

Diel dit berjocht op:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
    Radio iconUtstjoering: Alle wurkdagen om 17.20 oere.
(advertinsje)