Bynt fan 14 april 2015 17:20

De stim fan Bear Boeloe
In jier lang belle Feije van der Meer elke moanne nei Omrop Fryslân om te freegjen as se plak foar him hiene. No, 20 jier letter, is hy ferneamd binnen en bûten de Omrop en dat komt foaral troch syn kreaasje Bear Boeloe. Moarn wurdt de 20e jierdei fan Bear Boeloe grut fierd, jûn sit syn stim, en dy fan Feije van der Meer, yn Bynt.

Kriminele âlderein
Tsjin de 58-jierrige frou út Sint Nyk, dy't ferline jier ynried op 2 jonges fan fjirtjin, is oardel jier sel easke. Boppedat soe se se trije jier gjin auto ride meie. Hawwe oanhâldende pesterijen derfoar soarge dat der wat knapte by de frou? We prate deroer mei misdiedsjoernalist Simon Vuyk.

Bynt siket Boer(inne)
Dizze wike sjogge wy wer in pear kear by ús boeren út Ferwerderadiel. Hawwe Auke & Jelle bygelyks folle brieven krigen? Hoe is it earste kontakt oan de tillefoan? En, folle wichtiger noch, hoe giet it op dy o sa spannende earste date? Juster pakte Auke al de tillefoan, no sil Jelle sa besykje in leuke date te finen.

De heit fan Gerrit Breteler
De Twadde Wrâldoarloch is wer hielendal aktueel. Dit jier fiere we 70 jier befrijing en moarn, 15 april is de Fryske befrijingsdei. Mar der geane ek hieltyd mear stimmen op om dy oare, ferjitten oarloch, yn Nederlânsk-Ynje, in gruttere rol te jaan by de jierlikse betinking.

Diel dit berjocht op:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
    Radio iconUtstjoering: Alle wurkdagen om 17.20 oere.
(advertinsje)