Bynt fan 14 april 2014 18:30

Ha ik it hjir no allegear foar dien? Jierrenlang studearre en mar gjin baan fine kinne. Mear as 4500 Fryske jongeren rinne mei dit gefoel om. Hjoed waard it safolste aksjeplan lansearre om jongeren oan in baan te helpen. Bedriuwen dy't wurkleaze jongeren in kontrakt jouwe foar in healjier krije in bonus fan 2500 euro. Yn Bynt binne Boukje Hollema (26) en Janneke Sangers (24) te gast. Beide kinne mar net oan wurk komme. Ek skoot direkteur John Vernooij fan Omrin oan. Hy hat sels fjouwer jongeren yn tsjinst.

Moarn is de finale fan de ferkiezing fan de Fryske ûndernimmer fan it jier. Mei it evenemint wurdt ek it bêste Fryske studintebedriuw útkeazen. Yn it ramt fan Jong Ondernemen sette studinten fan it MBO en HBO in eigen ûndernimming op. Sy ferkeapje oandielen oan famylje en kennissen en betinke en ferkeapje in echt produkt. Wy sochten de trije studintebedriuwen op.

En: by de gedachte oan in rikke ieltsje rint by guon minsken it wetter al yn de mûle. Ferline wike waarden miljoenen lytse glêsieltsjes útset yn de Fryske wetters om de ielstân wer wat op peil te bringen. Reitse Spanninga lit ús sjen hoe't de bistjes fongen wurde en ambachtlik rikke wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)