Bynt fan 13 oktober 2014 17:20

De Muurbrekers
Us eigen Fryske keunstner, en grûnlizzer fan de Strontrace, Reid de Jong hat in rol spile by de fal fan de Berlynske Muorre. Yn 1987 is hy mei in float fan 700 histoaryske skippen út û.o. Nederlân ôfset nei West-Berlyn. Hoewol't de skippen dúdlike ynstruksje krigen hiene net fierder East-Berlyn yn te farren, diene de dwerse Friezen it dochs! No yn 2014 is dizze reis oerdien en inisjatyfnimmer Willem Plet fertelt deroer by ús oan tafel.

Hjerst yn de Bynt-tún
Oant no ta is it waar dizze hjerst geweldich. Wat betsjut dit foar ús Bynt-tún? Groeit alles no te hurd? Of is der miskien te min rein fallen? Miranda hat wer nei Donkerbroek west om te sjen hoe't de tún derby stiet. Boppedat sil Aat jûn oanskowe om sjen en priuwe te litten wêrom't de hjerst ek in moaie tiid yn de tún is.

Wekker wurde mei de Doelleazen
De Fryske muzykwike is fan 'e moarn ôftrape troch de mannen fan De Doelleazen. Yn it ramt fan kommardel.nl hawwe sy in lytse toer troch de provinsje makke by de harkers fan Omrop Fryslân del. Fansels wie ek Bynt derby, om efkes goed wekker te wurden...

Selliste út Frjentsjer
Tweintich jier is se noch mar, en no al is sy ien fan de meast talintearre jonge muzikanten fan Europa. Selliste Dana de Vries út Frjentsjer wennet yn Parys, dêr't se studearret oan it wrâldferneamde “Conservatoire National Supérieur de Musique et de Danse”. Spesjaal foar Bynt komt sy yn de muzykwike efkes werom nei Fryslân, om sjen te litten hoe't in Fries om utens súksesfol is yn de klassike muzyk.

Diel dit berjocht op:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
    Radio iconUtstjoering: Alle wurkdagen om 17.20 oere.
(advertinsje)