Bynt fan 13 novimber 2013

Op de dei fan de ferkiezings prate wy yn Bynt mei jonge minsken dy't hjoed op de kieslist stienen. Op dizze spannende dei skowe se oan om oer harren passy foar de polityk te praten en de kânsen op in sit.

Ynternetûndernimmer Schelte Meinsma sit ek oan tafel. Hy hat foar ús sjoen nei hoe't listlûkers en har partijen harren presentearje op ynternet. Hoe gean se om mei bygelyks Twitter en Facebook?

En ôflevering trije fan de rige. Hjoed binne wy yn Boalsert, by it museum fan Bernard Visser. Hy hat syn flat fol stean mei fluitsjes.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)