Bynt fan 13 maart 2015 17:20

De skiednis fan SC Hearrenfean - Ajax

Yn Bynt Sport dûke wy hjoed yn de skiednis fan de wedstriid SC Hearrenfean - Ajax. Dat dogge wy mei sportsjoernalisten, en Ajaxfans, Menno Pot, Frits Barend en Jaap Stalenburg. Hoe tinke sy oer de wedstriid fan takom snein? Hoe lizze de kânsen? En wat binne bygelyks harren favorite útfieringen west yn it ferline?

Fansels kinsto ek wer moaie prizen winne mei Arjens Kwis, sjogge wy yn Myn Klup by in ploechje stoere jonges en famkes dy't oan freerunning dogge en ek gean wy op ynternet wer in kertierke langer troch. Sjen dus, fan 17.20 oere ôf!

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)