Bynt fan 13 maart 2014 18:30

  • Poster Fred's last minute

Fred's Last Minute. Dat is de titel fan in koarte film dy't de grutte winner wie op de '48-hours'-wedstriid fan it Noordelijk Film Festival. Dat betsjut dat je mei in groep minsken binnen 48 oeren in koarte film meitsje moatte. En no hawwe se yn Amearika, yn New Orleans, ek in priis wûn foar dy film. Oan tafel prate wy dêroer mei makker Linze Valk en akteur Wybo Smids. Hoe giet dat no krekt, in film yn 48 oeren?

De hiele wike sjogge wy mei bestjoerskundige Rieks Osinga nei de leukste ferhalen dy't boppe komme by de gemeenteriedsferkiezings. Hjoed gean wy del by it polityk kafee yn Snits, en dêr prate wy mei Klaas Hettinga fan D66. Wat tinkt hy fan de kommende ferkiezings?

Wêr bliuwe de sweltsjes winterdeis? Fûgelkenner Theunis Piersma gie yn syn frije tiid op ûndersyk út, neidat in doarpsgenoate him frege: hie "Wêr bliuwe ús sweltsjes winterdeis?" Syn befinings stean yn it boek 'Sweltsjes fan Gaast', en dêr prate wy jûn oer mei Piersma en mei fêste gast Steven Sterk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)