Bynt fan 13 maaie 2016 17:20

Bynt Sport op freed
Yn Bynt Sport sjogge we hjoed werom en foarút nei it fuotbalseizoen fan SC Cambuur. De Ljouwerters binne as nûmer lêst fan de earedifyzje degradearre nei de Jupiler League. Wat is de oarsaak dêrfan? Hoe komt it no takom jier? En bliuwt technysk direkteur Henry van der Vegt, dy't ûnder druk leit by de supporters, gewoan yn funksje? We prate der oer mei de foarsitter fan de ried fan kommissarissen by Cambuur, Ype Smid. Ek spiler Martijn Barto skoot oan. Hy is mei de klup yn ûnderhanneling oer in nij kontrakt. Bliuwt er wol of net? Ta beslút sit ek Friesch Dagblad-sjoernalist Gerard Bos oan tafel.

En fierder?
Hawwe we fansels wer in moaie priis te winnen yn Arjens Sportkwis. Wolle jo kâns meitsje op in Cambuurpakket? Stjoer dan in mailtsje nei bynt@omropfryslan.nl! Fierder sjocht de Kening fan Kongo yn de Afrikaanske wyldernis foarút op in evenemint fan dit wykein. De Kening lit sjen net allinne doel te hawwen oer sporteveneminten.

Arjens Sportkwis

It seizoen fan Cambuur...

Yn in notendop

Diel dit berjocht op:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
    Radio iconUtstjoering: Alle wurkdagen om 17.20 oere.
(advertinsje)