Bynt fan 13 juny 2014 18:30

Special Olympics
De twatûzen atleten binne der klear foar. Jûn iepenje de Special Olympics op It Hearrenfean mei in spektakulêre iepeningsseremoanje. It Olympysk fjoer wurdt dan oanstutsen. Mar hokker sporten wurde der de kommende dagen krekt beoefene? Saakkundige Age Veldboom, dy't in grut hert foar de beheinde sport hat, praat ús by.

Rige Heitedei: De militêr
Sneon is it heitedei. Mar Kapitein Nolke út Ljouwert is dan net by syn frou en twa bern. De kapitein wurket nammentlik by definsje as maatskiplik wurker, en is op missy yn Afganistan. Ek syn eigen heit sil der mei heitedei dus net sjen. Wy sprutsen mei him fia in Skype-ferbining. Hoe giet it mei him, en mist hy syn bern ekstra no't it heitedei is?

It WK-fuotbal
Jûn is it safier! Fjouwer jier nei de finale fan it WK 2010 begjint it WK fuotbal yn Brazilië foar it Nederlânsk alvetal. En wer spylje 'wy' tsjin Spanje. Mei fêste gast Gerard Bos prate wy oer it WK, syn eigen ûnderfinings op eardere toernoaien, it Oranjegefoel en folle, folle mear fuotbal!

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)