Bynt fan 13 jannewaris 2015 17:20

Driging fan terroristen
“Amsterdam in het vizier van terroristen” wie fan 'e moarn de kop fan De Telegraaf. Neffens de krante roppe terreurorganisaasjes IS en Al Qaeda op ta oanslaggen yn West-Europa. Derby wurdt eksplisyt it treinstasjon fan Amsterdam neamd. Dêrmei liket de driging fan terroristen foar ús lân hieltyd tichteby te kommen. Befeilingsekspert Marc Schaaf fertelt oan tafel hoe grut dy driging neffens him is.

Mûzepleach yn Fryslân
Boeren yn grutte parten fan de Súdwesthoeke hawwe te krijen mei slimme oerlêst fan mûzen. En dat liedt ta grutte skea foar de boeren. Wy seagen op it bedriuw fan Romke Schaap, fan aksjegroep Mûzeskea. Syn pleats hat bot lêst fan de bisten. Oan tafel leit hy út hoe slim de situaasje is.

Sammelers
Tryater spilet de kommende wiken har nije stik Brekber yn museum Princessehof yn Ljouwert. It giet oer in frou mei in grutte samling keramyk. We sjogge hjoed by de tariedings fan it stik, mar ek by Jan Potijk fan Skarsterbrêge. Hy sammelet alles fan Elvis.
 
Fan stedswacht tot popidoal
Fan stêdswacht yn Ljouwert nei ferneamd yn hiel Brazilië. It oerkaam Carlos Hogendorp. Hy waard as bern yn Brazilië adoptearre troch in húshâlding út Ljouwert. Twa jier lyn gie hy op syk nei syn biologyske mem. En dat makke hiel wat los yn syn heitelân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)