Bynt fan 13 jannewaris 2014 18:30

Utrekkene no't de fûgeltsjes alwer nêsten begjinne te bouwen, komt Klaas Jansma mei in tydskrift oer iis. Om him kin it wol wer winter wurde, want winter betsjut wille. Mar net elkenien is it dermei iens. 'Iisbestrider' Klaas Rozendal wurket as adviseur skipfeart foar de provinsje en foar him is iis benammen lestich. As it flink friest kinne frachtskippen net farre en dat kostet jild. Yn Bynt giet Rozendal de diskusje oan mei Klaas Jansma.

It is winter en dus krûpe wy foar de kachel mei de televyzje oan, mar foarhinne fertelden de minsken elkoar âlde folksferhalen. Yn Bynt wolle we dizze tradysje graach yn eare hâlde, en dêrom fregen wy masterferteller Douwe Kootstra om syn moaiste ferhaal foar it ljocht te heljen, en mei ús te dielen. Hjoed diel ien fan syn ferhaal oer Adam hurdrider.

Ek is Reitse Spanninga wer te gast en hy sil it ha oer 'slow-cooking'. Dat is itensiede yn in wat leger tempo. Tink bygelyks oan in lekker stoofpotsje. Op de âlderwetske manier fansels, op it piteroaljesteltsje fan beppe. Want dat is dwaande mei in 'revival'. Fansels nimt Reitse wer fan alles mei nei de studio. Jo kinne thús sels meiskriuwe, mar foar it gemak is hjir alfêst it resept:

Sukade fan it piteroaljesteltsje

Sukade is in sneins stik fleis! Wy krigen it sneins en mem Tine koe it as gjin oar klearmeitsje. Mem tsjin my: "Do moatst it wol goed dwaan oars wurdt it te gear of hat it krekt net de goede smaak." Soargje dat jo in goede slachter fine dy't de sukade lekker dik snijt.
Wichtich is dat der in goed stik fet oan sit.
En lit it mar 4,5 oeren súntsjes stean op it piteroaljesteltsje.
Stadich, stadich, stadich!

Dus minsken, eefkes sykje op 'e souder, en we ha de REVIVAL fan it piteroaljesteltsje!

Genôch foar 4 minsken:

4 moaie stikken sukadefleis
½ pakje echte bûter
sâlt en piper
2 glêzen reade wyn
3 bledsjes farske laurier
1 sipel
1 kg tomaten

Hoe’t jo it klearmeitsje:
Doch de bûter yn ‘e panne en lit dizze útbrûzje.
Jou it fleis royaal sâlt en piper.
Lis it fleis yn de bûter en bak it brûn, dêrnei út ‘e panne helje.
Sipel, laurier en de tomaten yn ‘e panne.
Ofblusse mei in heale flesse reade wyn. Fleis der wer by en 4,5 oeren súntsjes prottelje litte op it piteroaljesteltsje..

De sjú is krûdich en echt in traktaasje...sa as ik al sein ha: in sneins stikje fleis!
Optsjinje mei stoofparren en in blommige jirpel!
Lekker ite!

Reitse

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)