Bynt fan 13 febrewaris 2014 18:30

Juster gie de teaterfoarstelling Like Me yn premjêre. Dit teaterstik konfrontearret jongerein mei de gefaren fan de firtuele wrâld. Want hoefolle privacy hâld je noch oer, as je alles mei freonen en bekenden fia ynternet diele. Bynt besocht mei learlingen fan it Comenius de foarstelling en wie benijd nei har konklúzjes.

De hiele wike stiet Bynt yn it teken fan Falentynsdei mei moaie ferhalen oer de leafde. Mar wat bliuwt bygelyks oer fan dy leafde as je al 60 jier troud binne en de ien ek noch alle dagen foar de oar soargje moat? Dick en Tinie de Jong fan Appelskea sjogge werom op harren houlik.

Acht jier lyn kocht er foar in pear tientsjes gewoan wat skilderspullen yn de supermerk. No hat Rienk van Houten in eksposysje yn Sina en hingje syn skilderijen yn djoere hotels. Nettsjinsteande dat sukses bliuwt Van Houten  'gewoan' oan it wurk bij Talant. Tegearre mei fêste gast Sjoerd Bootsma praat de keunstner oer syn bysûndere karriêre.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)