Bynt fan 13 april 2015 17:20

de Spitkeet op De Harkema
Libje yn in romte fan 4 by 4 meter, dêr't je de kont net keare kinne. Mei heit, mem en fiif bern. Foar Wopke van den Bosch wie it de gewoanste saak fan de wrâld. Hy wenne as lyts jonkje yn de Malmûne op 'e Harkema. Fan dat hûs is no in rekonstruksje makke op temapark de Spitkeet en dat wurdt freed iepene.

Op paad mei Aat
No’t it waar wer moai wurdt, gean wy der allegearre wer massaal op út. Dat jildt ek foar ús eigen túnkersduo Aat en Miranda. Sy stappe lekker op de fyts om dizze kear út te kommen yn Easterwierrum, op syk nei âlde Fryske rassen.

Bynt siket Boer(inne)
Dizze wike sjogge wy wer in pear kear by ús boeren út Ferwerderadiel. Hawwe Auke & Jelle bygelyks in protte brieven krigen? Hoe is it earste kontakt oan de tillefoan? En, folle wichtiger noch, hoe giet it op dy o sa spannende earste date? Hjoed ôflevering 1, wêryn't Auke de tillefoan pakt foar syn briefskriuwsters...

Dreame mei professor Douwe
Wat betsjutte dreamen? Wêrom dreame je dat je neaken op strjitte rinne, dat je efternei sitte wurde en dat je hieltyd stroffelje of dat je wer dat eksamen dogge wylst it al lang helle hast? Ek yn de wittenskip is der in noch in soad ûndúdlikheid oer. Professor Douwe Draaisma is al skoften yn de besnijing fan dreamen en jûn yn Raerd sil hy oan de hân fan filmbylden útlis jaan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)