Bynt fan 12 novimber 2015 17:20

Thialf giet wer iepen
Moarn wurdt it nije Thialf offisjeel iepene op It Hearrenfean. Kinne wy no bygelyks wer wrâldrekôrs ferwachtsje op It Fean? Iismaster Berend Boomsma fertelt it ús.

Nei it tsjerkhôf
Alle tsjerkhôven en begraafplakken fan Fryslân besjen. It wie de ôfrûne tsien jier de hobby fan histoarikus Peter Karstkarel en syn frou Klaske. En no hawwe se der in boek fan makke, dêr’t alle 491 begraafplakken yn beskreaun wurde.

Tafel 18
Wa is de bêste amateurkok fan Fryslân? It is dé grutte fraach yn it programma Tafel 18, sneontejûns te sjen by Omrop Fryslân. Ofrûne wykein makken de kandidaten in dessert. Spesjaal foar Bynt krigen Brenda, Michiel, Evert, Gesina, Leo en Dirk dan ek in 'masterclass patisserie' yn Drachten.

 

It Swarte Goud yn Amearika
It Swarte Goud. It is in dokumintêresearje oer it Fryske hynder. In part fan de opnamen is no klear. Programmamakker Piter Tjeerdsma nimt ús jûn mei oan de hân fan de bylden dy’t hy makke yn Amearika.

BY12KO02

De koks fan Tafel 18 prate oer it dessert dat se makke ha

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)