Bynt fan 12 novimber 2014 17:20

Snitser follybalsukses
Nei in goede 20 jier spylje de follybalfroulju fan VC Snits wer in Europeeske wedstriid. Oan tafel Martje de Vries. De wedstriid jûn is foar har dûbel spesjaal: fan de measte spylsters wie se jierrenlang trainer, en ek har dochter Roos makket jûn har Europeeske debút.

Crowdfunding yn de soarch
Jild freegje fia ynternet foar bygelyks in rolstoelfyts of oanpaste auto, dat is wat de nije website 'geefgezondheid.nu' docht. Crowdfunding yn de soarch dus. Remon de Jong, bekend as muzykartyst en keunstner, is ien fan de inisjatyfnimmers.

Foarinoar
Yn it ramt fan it projekt Foarinoar litte wy dizze wike portretten sjen fan frijwilligers yn Fryslân.

De Utflecht
En we ha in petear oer De Utflecht, de nije dramasearje fan de Omrop. Wat soesto dwaan, as dyn bêste freon samar ferdwynt? Wy prate mei David Engelhard, ien fan de akteurs. Hy wit sels hoe't it is om op de flecht te wêzen.

Diel dit berjocht op:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
    Radio iconUtstjoering: Alle wurkdagen om 17.20 oere.
(advertinsje)