Bynt fan 12 maart 2015 17:20

WK Shorttrack
Yn 1990 helle Joëlle van Koetsveld as earste frou de sulveren medalje op it WK shorttrack. Se die twa kear mei oan de Olympyske Spelen, en se is âldtrainster fan Sjinkie Knegt en Daan Breeuwsma. Moarn begjint it WK yn Moskou en dêrom prate we mei Joëlle oer de beide mannen.

Teatergroep Pier 21
Mei de premjêre fan it stik de Feteranen foar de doar liket teatergroep Pier 21 hieltyd mear grûn ûnder de fuotten te krijen. It begjint allegearre yn 2012 mei de súksesfoarstelling De Emigrant. It ferhaal fan Sybolt de Haas dy't, nei syn emigraasje nei Kanada yn de jierren 50, weromkomt yn Fryslân.

Pankoeken yn tsjerke
De tsjerken sille as gebou wol oerein bliuwe, mar harren funksje feroaret. In proses dat al jierren geande is, en wêrfan de ein noch lang net yn sicht is. Dizze wike gean we mei tsjerkegongers werom nei har âlde tsjerke dy't yntusken in nije bestimming krigen hat. Hjoed bin we yn Sint Anne.

100 jier HTS
100 jier lyn kaam der yn Ljouwert in technyske skoalle mei as doel ‘het vormen van jongelieden tot bekwame ambachtslieden’. Ek hjoed-de-dei stiet it wurkfjild te springen om technysk personiel mei in goede oplieding. Wy prate der oer mei Hans Drijfhout, direkteur fan it technykinstitút fan de NHL. De âlde HTS dus...

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)