Bynt fan 12 maaie 2016 17:20

Mei Ritus nei Cannes
De film ‘Ritus’ fan Ljouwerter filmmakster Johanneke Dijkstra wurdt nije wike fertoand op it Filmfestival yn Cannes. In dream dy’t útkomt foar de 28-jierrige Dijkstra. Se makke har film tegearre mei Menno Boersma en har team 'Kokosnoten'. Snein sille se dy kant op. Hoe fergiet it de Friezinne, tusken alle glitter en glamour op de ‘rode loper’ yn Cannes?

Site oer iepenloftspullen
Ek it twadde petear giet oer de leafde foar de ‘spotlights’. Yn gearwurking mei de Ljouwerter Krante hat de Omrop in website oer in typysk Fryske tradysje yn it libben roppen: it iepenloftspul. It is in soart ‘portal’, dy’t in oersjoch jout fan wat der allegear yn Fryslân te sjen is.

Rige: Boerinnekoar
It libben rint net altyd sa't we it graach sjogge. Yn it ‘Boerinnekoar fan Grutte Pier’ diele de froulju mekoars soargen oer húshâlding en bern. Wat se ek diele is de leafde foar it sjongen. Hjoed diel trije fan it Boerinnekoar fan Grutte Pier.

Bottenbley: ‘tijd om te stoppen’
Nei 28 jier hâldt predikant Orlando Bottenbley (64) op as foargonger fan de Betheltsjerke yn Drachten. Bottenbley: "ik geef liever nu het stokje over, nu ik nog vitaal ben en andere dingen kan doen.” Under de lieding fan Bottenbley groeide de Betheltsjerke út fan 60 leden nei 4500. Wat is syn geheim? Dat hearre wy yn Bynt.

BY12EP01

Rige: Boerinnekoar

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)