Bynt fan 12 maaie 2015 17:20

15 jier nei de brân by ATF
Tûzen kilo asbest, oardel ton arseen, hûnderten kilo's groom en in flinke konsintraasje benzeen giene de loft yn. 15 jier ferlyn fûn by ôfvalferwurker ATF yn Drachten de grutste miljeuramp fan Fryslân plak. Anton van der Paauw stride dêrnei foar erkenning foar de minsken dy’t sûnensklachten krigen troch de brân.

De saak-Basje
Fêste tafelgast Simon Vuyk dûkt jûn mei ús de skiednis yn. Wy sjogge yn de argiven nei in bernemoard út de jierren santich. Op Skylge spile doe de saak-Basje. In saak dy’t no, mear as tritich jier letter, sjen lit wat wiere freonskip is.

Werom sjen mei in Facebooktopper
Op Himelfeartsdei sjogge wy yn in spesjale útstjoering werom op de aardichste en bêst besjoene filmkes fan twa seizoenen Bynt. Sa fûn mear as in jier ferlyn de premjêre fan it teaterstik Faderpaard plak. En de reportaazje wie ôfgryslik populêr op de sosjale media!

Asylsikers yn Fryslân
Henk Wolthof wurket by it COA en is dêr ferantwurdlik foar de opfang fan asylsikers yn Noard-Nederlân. Mei him prate wy oer de gefolgen fan de flechtlingestreamen dy’t út Afrika en it Midden-Easten nei Europa komme. Yn it bysûnder de gefolgen foar Fryslân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)