Bynt fan 12 maaie 2014 18:30

  • Miranda en Aat oan it wurk yn de Bynt-tún

Bysûnder heechlearaar yn de komplekse rouferwurking oan de Rijksuniversiteit yn Grins. Dat is Jos de Keijser fan moarn ôf offisjeel nei it hâlden fan syn oraasje. Fanút syn wurk by de GGZ Fryslân hâldt De Keijser him oer de hiele wrâld dwaande mei saken dêr't rouferwurking oars as oars by giet. Hoe giet men der bygelyks mei om as bern fermist reitsje? Of as de leafsten yn in fleantúch sitte dat delstoart en nea wer fûn wurdt? Dêr prate wy jûn mei Jos de Keijser oer yn Bynt.

Yn Bynt sjogge wy dizze wike alle dagen even by de tariedings fan de Iisfoarstin, de grutte strjitopera dy't dizze wike útein set yn Ljouwert. We folgje de minsken dy't ticht by de produksje stean en hjoed is dat Ira Judkovskaja. Sy is de regisseur fan it stik en wol de lilke én de moaie kanten fan de stêd graach sjen litte.

It begjint der aardich op te lykjen yn ús Bynt-tún. It is in goeie maaitiid, dat it wurdt griener en griener. Wy hawwe sels al bewenners yn it ynsektehotel dat we al earder sjen lieten. Jûn sille túnker Aat en ús eigen Miranda griente út de tún wokke. En ek de minytún groeit omraak. Spitigernôch giet it mei ien fan de beide fruitbeammen wat minder.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)