Bynt fan 12 juny 2015 17:20

De Grutte Berend Schootstra Fuotbal Kwis!

Foar de lêste Bynt Sport fan it seizoen ha wy wat spesjaals betocht:

SC Hearrenfean, SC Cambuur en it Mediateam, stride foar de Kup mei de Grutte Earen yn de Grutte Berend Schootstra Fuotbal Kwis! Op kemping Bergumermeer by Sumar sille de teams de striid mei-inoar oangean yn trije kennisomlopen en trije aktiviteite-omlopen. Foar Team SC Hearrenfean komme Marten Dijk & Lubbe van Dijk nei de kemping. SC Cambuur stjoert âld-spilers Geert Jelle de Vries & Wim de Ron. Foar it tredde team, de sjoernalisten, binne Gerard Bos fan it Friesch Dagblad & Wietse Dijkstra fan it Algemeen Dagblad de kwissers.

Ek oanwêzich binne sjueryfoarsitter Berend Schootstra, skiedsrjochter Erwin Zeinstra, Kwismiss Mariëlle, presintator Arjen de Boer en in hiel soad kempinggasten. Wa wit der it meast oer it betelle fuotbal yn Fryslân? Wa is bygelyks de spiler mei de measte Europeeske wedstriden foar SC Hearrenfean? Hokker âld-spiler fan SC Cambuur hat de Gouden Bal wûn? En hokker team is it bêste by ít kempingspultsje jeu de boule?

Dat en folle, folle mear. Jûn yn de Grutte Berend Schootstra Fuotbal Kwis!

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)