Bynt fan 12 juny 2014 18:30

It lêste papieren treinkaartsje
Op 9 july ferdwynt it papieren treinkaartsje út ús libben. De OV-chipkaart komt dêrfoar yn it plak. It is it ein fan in tiidrek. Wy gean del by Tjeerd Cramer yn it Spoorwegmuseum yn Snits en mei âld-kondukteur Jan Kuipers fan Ljouwert nimme we de trein. Op de rûte fan Snits nei Ljouwert mei Kuipers dan spesjaal foar Bynt noch ien kear de kaartsjes knippe.

Heitedei yn Mongoalië
Yn België wie heitedei ôfrûne snein, yn Dútslân is it mei himelfeart. Mar de measte lannen hawwe it op de tredde snein fan juny, lykas wy yn Nederlân. En ek al binne se no yn Nederlân, de famylje Pureu út Mongoalië fiert heitedei wer op harren, hiel eigen datum.

De brân fan 1666
Se wisten it net op Flylân. Gjinien hie der ea fan heard. En ek yn de skiednisboeken is der gjin wurd oer skreaun. En dat is frjemd. In pear jier lyn krige Jan Houter fan Flylân in skriuwen út 1667 yn hannen dêr't de dumny fan doe yn fertelt oer in grutte brân. Mear as 150 keapfardijskippen en 1500 opfarrenden ferdwine yn de golven. Ien fan de grutste rampen út de Nederlânske maritime skiednis is nea yn de Nederlânske skiednisboeken kaam. Tegearre mei histoarikus Anne Doedens socht Houter yn Ingelske en Frânske argiven nei mear ynformaasje oer dizze brân. Albert Jensma socht him op.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)