Bynt fan 12 jannewaris 2015 17:20

Ljipaaidiskusje
Boargemaster Van Klaveren fan Weststellingwerf wegeret noch langer om it earste ljipaai yn ûntfangst te nimmen. Dat makke hy ferline wike bekend op de nijjiersresepsje fan syn gemeente. Rendert Algra is der lilk om. Neffens him kinne je bêst in tradysje ter diskusje stelle, mar net op dizze manier. Jûn sitte beide heren yn Bynt foar in stevich petear.

Sammelers
Tryater komt dizze wike mei in nij stik, Brekber. It wurdt spile tusken de boarden en it porslein fan museum Princessehof yn Ljouwert. It giet oer in frou mei in grutte samling keramyk. Bynt seach by de tariedings fan it stik, mar ek by in tal samlers sels, mei de fraach hokker betsjoening der eins fan dat garjen útgiet.

Under de likers fan ús Facebookside (www.facebook.com/OmropBynt) ferlotsje wy dizze wike twa kear twa kaartsjes foar de foarstelling Brekber!

Bear Boeloe bestiet 20 jier
Bear Boeloe, wa kin him net? In hiele generaasje is opgroeid mei de bear fan Skier. It berneprogramma fan Omrop Fryslân bestiet 20 jier en is dêrmei ien fan de langstrinnende bernesearjes op de Nederlânske TV. Betinkster, skriuwster en tekenaar Helena de Boer leit út wat neffens har it súkses fan de searje is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)