Bynt fan 12 febrewaris 2016 17:20

Bynt Sport op freed
It is wer freed en dat betsjut dat it yn Bynt wer oer sport giet! Hjoed stiet it programma folslein yn it ramt fan SC Cambuur! Wylst hânhavenje yn 'e earedifyzje in hieltyd gruttere opdracht wurdt, stapte dizze wike ek nochris trainer Henk de Jong op. Problemen dus foar de Ljouwerters. Hoe no fierder? Dat beprate we jûn oan tafel mei twa direksjeleden fan Cambuur. Ard de Graaf, algemien direkteur, en Henry van der Vegt, technysk direkteur, sille oanskowe. Dat jildt ek foar sportsjoernalist en Cambuur-watcher Geert van Tuinen.

Gert Kruys
In trainer dy't wit hoe't it deroan ta giet by Cambuur, is Gert Kruys. Hy wie fan 1998 oant 2002 trainer by de Ljouwerter klup en degradearre sels. Bynt Sport trof Kruys by de training fan FC Utrecht, de tsjinstanner fan Cambuur. De âld-trainer fertelt oer de parallelen tusken syn tiid en de sitewaasje op it stuit.

En fierder?
Wolle jo goed it wykein yngean en in fantastyske priis winne? Dan goed oplette, want troch it goeie antwurd by Arjens Sportkwis te jaan, meitsje jo wer kâns op in geweldige priis! Ek jout de Kening fan Kongo wer wat help foar de Totospilers. Hy jout syn saakkundige foarsizzing foar de útwedstriid fan SC Hearrenfean tsjin Vitesse. Sjen dus!

BY12BP03

Ynterim-trainer Sipke Hulshoff oer de ôfrûne wike

BY12BP02

Op besite by âld-Cambuurtrainer Gert Kruys

BY12BP05

Arjens Sportkwis mei.... Erwin Mulder!

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)