Bynt fan 12 febrewaris 2015 17:20

50 Shades of Grey
Der is hast gjin frou dy’t de boeken fan 50 Shades of Grey net lêzen hat. De populêre searje is no ek ferfilme. Juster gie de film yn premjêre yn ús lân. Seksuolooch Irma van Steijn praat ús jûn by oer it súkses fan dit eroatyske ferhaal.

Wol út it waadgebiet
It Fiskershúske yn Peazens-Moddergat bestiet 50 jier. En ien fan de dingen dy’t se dêrom betocht ha, is in eigen kleanmerk. Mei de wol fan pleatslike skiep meitsje se yn it museum âlderwetske fiskerstruien. Inisjatyfnimmer Jacob Bosma leit út wêr't dat idee weikaam.

Thússtêd Harns: Skipper Rein fan de KNRM
Wy slute ús oanwêzichheid yn Harns ôf mei it ferhaal fan Rein Mulder. Hy is skipper by de KNRM, krekt as syn heit. Hy fertelt it ferhaal fan in rêdingsaksje dy’t op him in grutte yndruk makke hat.

Hannel driuwe mei Ruslân
De boykot mei Ruslân duorret no al in pear moanne. Ferskate produkten meie net mear nei Moskou en omkriten brocht wurde. Lizze der foar Fryske ûndernimmers eins noch wol kânsen yn it lân fan Poetin? Johan Elzes wennet en wurket yn Sint Petersburg en tinkt fan wol.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)