Bynt fan 12 desimber 2014 17:20

Cambuur
Cambuur liket ta oan de winterstop. Yn de lêste fjouwer thúswedstriden hat de ploech gjin punt mear pakt, en it fuotbal wurdt hieltyd minder. Wat is der oan de hân mei de Ljouwerters? Oan tafel de trainer fan SC Cambuur, Henk de Jong. En ek Cambuurwatcher Henk Aalbers en kritysk sportsjoernalist Jaap Stalenburg.

Myn Klup: Curling op It Hearrenfean
Alle freeds binne wy yn Bynt Sport op besite by in Fryske sportklup. Dêr sykje wy nei it klupgefoel, en nei de bining dy't minsken mei harren klup fiele. Dizze wike binne wy yn Thialf op It Hearrenfean, by de Curling Club Friesland.

Henk de Jong
Tafelgast Henk de Jong is yn it ôfrûne healjier útgroeid ta in soarte fan nasjonale knuffelbear. Mei syn nochtere optredens yn de media wie hy it perfekte fisitekaartsje foar it frisse fuotbal fan syn ploech. Hoe lang wol hy eins by Cambuur bliuwe? Wat binne de ambysjes fan Henk? Sil hy ea nochris nei it bûtenlân ta? Dat en mear, jûn yn Bynt Sport!

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)