Bynt fan 11 septimber 2015 17:20

Hjoed yn Bynt. De earste ôflevering fan Bynt Sport! Dêryn binne de trainers te gast fan beide Fryske betelle fuotbalklups: Dwight Lodeweges (SC Hearrenfean) en Henk de Jong (SC Cambuur).

Mei de ien giet it aardich, want Hearrenfean hat noch gjin wedstriid ferlern dit seizoen. Cambuur sit just yn in hiel drege perioade. Ut de earste fjouwer wedstriden waard mar ien punt helle en boppedat hawwe de Ljouwerters de measte tsjindoelpunten fan de earedivyzje. We prate fansels oer de beide ploegen, mar ek oer de keeperswissel by Cambuur en de wedstriden fan oankommend wykein.

Fierder reportaazjes mei Hearrenfean-middenfjilder Branco van der Boomen en Wim de Ron, âld-keeper fan Cambuur. Boppedat is der fansels wer dé Bynt Sportkwis, wêryn dizze wike in Cambuurshirt te winnen is.

BY11IO01

De start fan Cambuur & Hearrenfean

DeRon_Ynternet

Mei Wim de Ron nei de training fan Cambuur...

Branco_Ynternet

Branco spilet de frije traap fan Branco nei...

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)