Bynt fan 11 septimber 2014 17:20

De Kilimanjaro op mei in nije nier
De Kilimanjaro beklimme, dat is foar in sûn minsk al in hiele opjefte. Hans Noordenbos hat noch mar in jier lyn in nije nier krige, mar sil dy ymminske berg yn Afrika no al beklimme. Hy docht mei oan Expeditie Kilimanjaro, in inisjatyf fan it UMCG yn Grins.

De wûndertoeter fan Hindrik Bûter
SWALK is de nije opset fan de moanne fan it Fryske boek. It is in festival wêryn't de Fryske kultuer en literatuer sintraal stiet. Skriuwer Paul van Dijk hat it berneboek “De wûndertoeter fan Hindrik Bûter” skreaun, dat brûkt wurdt as geskink. Hy komt del om te fertellen oer syn wurk.

Iepenloftspul Penjum
Noch twa dagen en dan giet yn Penjum it teaterstik "Dijk vol Dromen" yn premjêre. In lytse yntime kuier-foarstelling dy't alle kearen sa'n 80 besikers bergje kin. Byldzjend keunstner Stefan Belderbos tinkt dat it publyk hiele bysûndere dingen belibje sille. Musikus Bob Driesen sil der seker hinne, want it doarp is yn de jierren dat hy der wennet echt syn doarp wurden.

De lama fan Hantum
Ofrûne sneon is Lama Gawang Rinpoche ferstoarn, better bekind as de Lama fan Hantum. Hjoed is de 86-jierrige spiritueel lieder kremeare yn Goutum. Bynt wy der by en yn de studio fertelt Gaula Shehadeh oer hoe't se dizze dei belibbe hat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)